← Back to team overview

ubuntu-l10n-fy team mailing list archive

Re: Wer oan it wurk

 

Goeie moarn,


Ik ha efkes nei de wurdsjes sjoen.
En woe efkes in foarstel dwaan.

Save -  Bewarje
Save as - Bewarje as
print - Printsje


Werom?

In bal slagge je op, oftewol opslaan bart by it keatsen.
Printsje, der wurd al gouwris útprinte of efkes wat útprintsje fan makke, mar it is net goed. it namlik dûbel.
Je printsje it al, wêrom dan ek nochris út de printer.
en it stiet sa yn it wurdboek

printsje tiidwurd [prɪntsjə] printe, printe
‣ betsjutting
1.
mei in printparse of printer meitsje
2.
printen, leasten meitsje, in spoar neilitte
3.
djip en fêst yn immens geast of moed trochkringe
4.
<fan wyld> opspoare troch de printen te folgjen

Groetnis

Berend Ytsma


Op Mon, 14 Jun 2010 19:38:46 +0200, hat Dooitze de Jong <dooitzedejong@xxxxxxxxx> skreaun:

Hallo allegearre,

We matte wer nedich oan it wurk, der is in protte te dwaan foar de neie ûntkomst fan Ubuntu.

Ik haw in pear wurdsjes op in webside del set, sadat it maklik is om it oer te setten

Gr,
Dooitze



--
Using Opera's revolutionary email client: http://www.opera.com/mail/

References